Piet Bambergen
Piet Bambergen | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Pieter van Bambergen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 3 maart 1931 | |
berteplak | Amsterdam (Noard-Hollân) | |
stoarn | 15 juny 1996 | |
stjerplak | op Kreta (Grikelân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1948 – 1995 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Piet Bambergen (wiere namme: Pieter van Bambergen; Amsterdam, 3 maart 1931 – op Kreta, 15 juny 1996) wie in Nederlânsk komyk, en akteur. Hy briek begjin jierren sechstich troch as de iene helte fan it duo De Mounties, en spile ek los fan syn partner René van Vooren in protte yn komeedzjes. Dêrnjonken hie Bambergen ek serieuze rollen.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bambergen waard yn 1931 berne yn Amsterdam. Fan 1948 ôf foarme er tegearre mei Chris Houthuizen it komyske duo De Mounties, mar yn 1950 waard Houthuizen ferfongen troch Fred Plevier, dy't sels yn 1956 plakmakke foar Ab Smit. Smit wie feitlik yn 1946 mei Houthuizen ien fan 'e beide oprjochters fan De Mounties, en foar him wie Bambergen sels yn 't plak kommen. Yn De Mounties hie Bambergen de funksje fan punchliner, dejinge dy't de grappen makke, wylst syn opienfolgjende tsjinspilers de funksje fan oanjouwer ferfollen.
Nei't Bambergen en Smit yn 1960 spul krigen hiene, stapte Smit op, en kearde Plevier werom as oanjouwer. Om dyselde snuorje hinne waarden De Mounties ûntdutsen troch programmamakker Rudi Carrell; dêrnei wiene se ek op 'e tillefyzje te sjen, wat foar harren de trochbraak betsjutte. Doe't Plevier yn oktober 1965 by in rippetysje oan in hertoanfal kaam te ferstjerren, waard de rol fan oanjouwer oernommen troch René van Vooren. Hoewol't Bambergen en Van Vooren in muoisume relaasje hiene en privee beslist gjin freonen wiene, foarmen se op it toaniel in tige súksesfol komysk duo.
Behalven yn sketches mei Van Vooren, sawol yn it teäter as op 'e tillefyzje, wie Bambergen ek geregeldwei as toanielakteur yn kluchten te sjen, wêrfan't faak ek in tillefyzjeregistraasje makke waard. Sa spile er mei Van Vooren en Joke Bruijs yn it stik Drie in de Pan, mei Van Vooren en û.m. Sylvia de Leur yn it stik Er Is Er Een Jarig en mei Van Vooren en û.m. Brûni Heinke yn Lief Zijn voor Elkaar. Teffens wurke er in protte gear mei Rudi Falkenhagen, û.m. yn 'e stikken Goeie Buren, Huwelijk in de Steigers en Joost Mag Het Weten.
Fierders wie Bambergen ek yn ferskate films te sjen, wêrûnder Help! De Dokter Verzuipt..., út 1974, en Laat de Dokter Maar Schuiven, út 1980. Yn 1975 hied er de titelrol yn 'e komeedzje De Dwaze Lotgevallen van Sherlock Jones. Ek fertolke Bambergen, benammen letter yn syn karriêre, ferskate rollen yn serieuze toanielstikken en musicals. Syn lêst rol wie dy fan Dr. Doolittle yn 'e Nederlânske ferzje fan My Fair Lady. Njonken syn aktearwurk naam Bambergen ek ferskate, ornaris komyske, lieten op, foar in grut part tegearre mei René van Vooren as De Mounties.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn lêste jierren wenne Bambergen yn it Noardhollânske stedsje De Ryp, dêr't er havenmaster wie. Hy ferstoar yn 1996 yn 'e âlderdom fan 65 jier oan itn hertoanfal op it Grykske eilân Kreta, ûnder in besyk oan syn dochter Tanya.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Externe links, op dizze side. |